Een mens is dapper wanneer die zichzelf durft te zijn. Dat klinkt eenvoudig, toch vraagt het in het dagelijks leven vaak lef om echt zichtbaar te worden. Die zoektocht naar moed loopt als een rode draad door het leven van Johanneke Dijkstra. Zo ook in KRIICH. In deze film onderzoekt zij wat het betekent om Fries te zijn, om je plek te vinden binnen een gemeenschap en om trouw te blijven aan wie je bent, zelfs wanneer dat schuurt. Ontdek er meer over tijdens de Verhalenavond op 21 november.
Johanneke: “Bestiet de wiere Fries? Hoe foarmet de generaasje fan no ús takomstich heitelân? Dy en oare fragen ûndersykje ik yn KRIICH, in hybride film dy’t dokumintêre en fiksje byinoar bringt en de Fries fan no toant yn al syn fasetten. Dêrmei is it ek in útnûging om mei-inoar stil te stean by wa’t wy binne, wat wy leare fan ús ferline en hoe’t wy it takomstich heitelân foarmje.
Foar KRIICH gie ik yn petear mei antropolooch Anne Goaitske Breteler, dragqueen Curvalicious Diamond (Wietze Hoekstra) en boksleginde Piet Rozendaal. No rjochtsje ik my ta it publyk, mei de oprop om harren stim hearre te litten en sa it hjoeddeistige byld fan de Fryske identiteit fierder foarm te jaan.
KRIICH hat lokaal en om utens draait, fan Tallinn oant Rome en fia Eindhoven en Galway bringe wy de film no wer werom nei it Fryske plattelân. De film makke ôfrûne moanne yn doarpetoer lâns Nes, Ljouwert, De Trieme, Marrum en einiget by de ferhalejûn yn Drachten.
Nei it sjen fan de film tidens de Verhalenavond wurdt it publyk útnûge om útienrinnende perspektiven te dielen.”